Muzykgroep Kapriol'! bringt
lieten en dûnsmeldijen dy't basearre binne op âlde Fryske en/of
Nederlânske boarnen. Fan dit wol hast fergetten repertoire hawwe se
meiinoar kleurrike, frije bewurkingen makke. Dêrby komme ynfloeden
fan in soad muzykfoarmen út alderhanne lannen en tiden, lykas folk,
Renêssânse, midieusk, Keltysk, pop, ensfh. oan bod. Opfallend binne
de a capella-sang, ûnferwachte arranzjeminten en ynstrumenten dy 't
jo net alle dagen tsjinkomme.
In Augustus 2015 is de Fryske cd 'Niewelnacht Lieten'
oant stân kommen mei stipe fan in Grundtvig projekt fan de E.U. Kapriol’! hat ferskillende programma's: - Ôfwikseljend programma
mei Fryske en/of Nederlânske
muzyk út earder ieuwen. In grut diel fan de Fryske lieten binne
ôfkomstig út 17de, 18de en 19de ieuske Fryske boarnen, bygelyks
fan Jan Jansz. Starter, Gysbert Japicx, de bruorren Halbertsma en
Waling Dykstra. Hiel spesjaal is ien fan de alve Fryske villanellen
fan Jaques Vredeman, nammentlik it liet ‘Sil ik dy ris’ út 1602. Dizze
villanellen binne de âldste Frysktalige lieten dêr’t net inkeld de
tekst, mar ek de muzyk noch fan bewarre bleaun is en Kapriol'! wie
de earste dy dit liet op cd hat fêstlein. De Fryske dûnsmeldijen binne
benammen ôfkomstig út de 19de ieuske hânskriften fan Wieger Visser
en Andries Kiers.
- 'De Tiid hâldt
Skoft', in programma tegearre mei de Fryske skriuwer Willem
Schoorstra. It is in muzikaal ferteltheater, dat it publyk meinimt
op in reis troch Fryske lannen út earder tiden. In jûn mei de moaiste
folkmuzyk en de meast nijsgjirrige saken! - 'Eruit of verzuipen!!!, in
maritym programma, wêrby lieten oer de see, shanties en ynstrumintale
dûnsmeldijen út de Nederlânske en Fryske tradysje wurde ôfwiksele
mei spannende ferhalen (yn it Nederlânsk) dy Marian fûn hat yn
it deiboek fan har oerpake. Wy kinne dit programma illustrearje
mei ôfbildingen fan âlde foto's en tekeningen út dit deiboek. De groep komt net allinnich mei harkprogramma's yn it Nederlânsk, Frysk en Esperanto, mar ek mei programma's foar balfolk dûnsjûnen, maritime eveneminten en midieuske feesten.
|